Feestelike start jubileumjier 2019

Feestelike start jubileumjier 2019

Feestelike start jubileumjier 2019!

op snein 13 jannewaris
om 9:30 oere
yn de Doarpstsjerke fan Sumar

Mmf: De revukommisje fan 250 jier tsjerke , “de Lofstem” û.l.f. Jan Geert Nagel en ds. Sita Hofstra.

Tema fan de tsjinst: D’r sit muzyk yn Tsjerke

Dizze tsjinst sil de “Kick off” wêze foar it jubileumjier 2019. It jier weryn Kr fanfare “ de Lofstem” 100 jier bestiet en de doarpstsjerke 250 jier. Dêrby is ds. Hofstra yn datselde jier ek nochris 25 jier predikant. Reden foar tankberens!

En dat fiere wy meielkoar as ynwenners fan Sumar troch muzyk te meitsjen, te sjongen, te lûsterjen en te fertellen wat der yn 2019 barre sil. Elts is wolkom, mar kom op tiid want fol is fol!

Foar de lytse bern is der oppas yn it Trefpunt.

terug