Lêzingen Earnewâldster Rûnte Lêzingen Earnewâldster Rûnte
Lêzingen Earnewâldster Rûnte
2017-2018 oer ‘leauwe en/of ûnleauwe’

De Earnewâldster Rûnte, oprjochte yn 2000, is in wurkgroep fan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân Earnewâld, dy’t nije teologyske ynsjoggen/ûntjouwingen tichter by de minske bringe wol. De Earnewâldster Rûnte bloeit. Gemiddeld komme der alle jûnen sa’n 100 besikers.
Yn it kommende winterskoft stiet it tema ‘Leauwe én/of ûnleauwe’ sintraal. Op 19 septimber hâldt Rick Benjamins as earste syn lêzing mei as titel ‘Religy yn nije foarmen en stallen’. Rick Benjamins sil taljochtsje hoe’t, neffens him, it frijsinnich tinken har plak hat yn in postmoderne kontekst. Religy spilet op allegear mêden in wichtige rol, mar yn nije foarmen. Yn sa’n wrâld is de kristlike gemeente net langer de fanselssprekkende organisaasjefoarm fan it kristendom. De folgjende lêzingen binne:

24 oktober 2017
Dr. Taede Smedes Religy foarby leauwe en/of ûnleauwe

21 novimber 2017
Ds. Bram Bregman Fan eangst-tsjerke nei in tsjerke fan leaf-hawwers.

9 jannewaris 2018
Dr. Sytze Ypma Boppe is it ûnnedich stil

6 febrewaris 2018
Welmoed Vlieger Kierkegaard oer it wêzen fan de frijheid

6 maart 2018
Dr. Heine Siebrand Unleauwe – de oertreffende trep fan leauwen

De 6 lêzingen wurde hâlden yn de Grifformearde tsjerke, Wiidswei 6 yn Earnewâld.
Alle kearen op tiisdeitejûns en it begjint om 19.30 oere

Yntekening kin troch € 35,00 oer te meitsjen op banknûmer NL62 RABO 0132 7430 51 op namme fan ‘Frysk Oek. Wurkferbân’, Aldwâld, (mei adres en postkoade, yn ferbân mei it tastjoeren fan it program). Kontaktadres: Tine van Minnen, Wâlddyk 9, 9294 LG Aldwâld. Till.: 06 – 20600409 E-post:
terug