Lêzingen Earnewâldster Rûnte

Lêzingen Earnewâldster Rûnte
2017-2018 oer ‘leauwe en/of ûnleauwe’

De Earnewâldster Rûnte, oprjochte yn 2000, is in wurkgroep fan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân Earnewâld, dy’t nije teologyske ynsjoggen/ûntjouwingen tichter by de minske bringe wol. De Earnewâldster Rûnte bloeit. Gemiddeld komme der alle jûnen sa’n 100 besikers.
Yn it kommende winterskoft stiet it tema ‘Leauwe én/of ûnleauwe’ sintraal. Op 19 septimber hâldt Rick Benjamins as earste syn lêzing mei as titel ‘Religy yn nije foarmen en stallen’. Rick Benjamins sil taljochtsje hoe’t, neffens him, it frijsinnich tinken har plak hat yn in postmoderne kontekst. Religy spilet op allegear mêden in wichtige rol, mar yn nije foarmen. Yn sa’n wrâld is de kristlike gemeente net langer de fanselssprekkende organisaasjefoarm fan it kristendom. De folgjende lêzingen binne:

24 oktober 2017
Dr. Taede Smedes Religy foarby leauwe en/of ûnleauwe

21 novimber 2017
Ds. Bram Bregman Fan eangst-tsjerke nei in tsjerke fan leaf-hawwers.

9 jannewaris 2018
Dr. Sytze Ypma Boppe is it ûnnedich stil

6 febrewaris 2018
Welmoed Vlieger Kierkegaard oer it wêzen fan de frijheid

6 maart 2018
Dr. Heine Siebrand Unleauwe – de oertreffende trep fan leauwen

De 6 lêzingen wurde hâlden yn de Grifformearde tsjerke, Wiidswei 6 yn Earnewâld.
Alle kearen op tiisdeitejûns en it begjint om 19.30 oere

Yntekening kin troch € 35,00 oer te meitsjen op banknûmer NL62 RABO 0132 7430 51 op namme fan ‘Frysk Oek. Wurkferbân’, Aldwâld, (mei adres en postkoade, yn ferbân mei it tastjoeren fan it program). Kontaktadres: Tine van Minnen, Wâlddyk 9, 9294 LG Aldwâld. Till.: 06 – 20600409 E-post: tine.vanminnen@kpnplanet.nl
terug

Agenda

Kerkdienst - 2e Advent

zo 05 dec 2021 om 09.30 uur Paaskaars: Koster
Bloemengroet: F. Venema
Collectedoel: Leger des Heils
Bijzonderheid: 2e Advent
Oppas: -

Het beste van Petrus

 

Collectebonnen

Kosten: € 15,00 per vel.
U kunt het bedrag over maken op het nieuwe bankrekeningnummer t.w.  NL29 RABO 0373 729 766 t.n.v. PKN gemeente Sumar o.v.v. collectebon. Het nummer van NL35 RABO 0352 764 875  komt dus  te VERVALLEN.

De bonnen zijn na de betaling af te halen i.o.m. Ella Wiersma

Adres

Greate Buorren 14
9262 SB SUMAR


KVK Kerk: 76388786
KVK Diaconie:76388824

Tarieven Rouw-/Trouwdiensten

Zie de nieuwe tarievenlijst van 2021 voor de rouw- /trouwdiensten